Wolkom op de website fan keatsferiening ‘Nije Kriich’ te Weidum.

Op disse site prebearje wy sa aktueel moochlik alle ynformaasje oangeande it keatsen yn Weidum te presentearjen.

Neist alle saken foar ús leden, sa as de foto's fan de ferskate ledenpartijen, fine jo hjir ek ynformaasje oangeande de KNKB en federaasje partijen dy't wij elts jier organisearje.

Hichtepunten yn elts seizoen binne fansels ús earsteklasse 'Bangma' partij oan it begjin fan it jier en yn augustus ús Froulju's PC! Bij disse beide partijen is in live ferslag fan de partij fia ús site te folgjen. Fansels ha wy leaver dat jim de Bangmapartij of Froulju's PC op ús smûke keatslân bijwenje, mar kin dit om wat foar reden net, kinne jo it keatsen dus mei de kompjuter folgje.

Bestjoer ‘Nije Kriich’.

GEVONDEN VOORWERPEN

By it skjinmeitsjen fan it hokje ha we de ferskate saken dy't achterbleon binne yn kaart brocht !

Sjoch by de foto's oft der noch saken fan jim by sitte.

Hjirfoar contact opnimme mei Gertjan v.d. Meer
mear nijs »


WOANSDEI 24 AUGUSTUS FROULJUS PC