De 36ste Frouljus PC krijt dit jier in oerdekte tribune ! Nije Kriich makket al jierren gebrûk fan de tribune fan it berne iepenloftspul út Easterwierrum. Dy tribune wurdt foar de stichting berneiepenloft bout troch Kolkman tribuneverhuur. Dit bedriuw beskikt no oer in tinte foar it oerkappen fan ús tribune, en wol disse oerkapping graach útprebearje op'e frouljus PC ! Dy kâns litte wy fansels net sjitte !
Besikers fan de frouljus pc kinne dit jier op de oerdekte tribune plaknimme sûnder mearkosten !