K.v. Het Noorden (Bauke en Taeke Triemstra en Renze Hiemstra) binne it jubileumjier fan de keatsferiening út Sint Jabik geweldig begûn troch 63ste Bangmapartij winnend ôf te slúten.
Undanks it reinige waar waard it dochs in moaie finale. Sint Jabik wûn mei alles oan de hang fan it nije partoer fan LKC Sonnenborgh út Leeuwarden (Gert-Anne van der Bos, Hans Wassenaar en Daniël Iseger).
Der wiene twa tredde priizen foar OKK Bitgum (Johan van der Meulen, Cornelis Terpstra en Tjisse Streenstra) en K.v. Minnertsga (Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra).
Sjoch fierder bij it knopke foto's.