WOLKOM | AGINDA | PELOTE | JEUGD | FOTO'S | KONTAKT | STIPERS                BANGMA PARTIJ | FROULJU'S PC


 

Moarns as karmaster op ’e line en middeis yn de muzyktinte

Kommend wykein wurdt der wer keatst. It wedstriidseizoen set útein yn Weidum, dêr’t kommende snein de Bangmapartij op it programma stiet. Foar dizze ôfdielingspartij binne 28 partoeren opjûn, fjouwer minder as ferline jier. It bestjoer fan de keatsferiening Nije Kriich út Weidum hie hope op in gruttere dielname. Chris Wassenaar stiet wer foar Minnertsgea op de list.

Yn 1942 waard yn Weidum foar de earste kear in partij foar de keatsers út de earste klas holden. De oanlieding wie de bûnspartij fan 1941, doe’t Weidum yn de finale ferlear fan Berltsum en yn Weidum wiene se fan betinken dat dit net op in earlike wize bart wie. Jan Bangma, de pake fan Jan Suierveld út Weidum, organisearre dêrom in ôfdielingswedstriid yn syn wenplak.  De wikselbeker, dy’t beskikber steld wie troch Bangma, bleaun it earste jier yn it eigen doarp. De winst gong nei Folkert Hiddinga en de bruorren Jan en Sietse de Groot. Begjin jierren santich waard foar it earst oer de Bangmapartij praat. Yn dy jierren wie der in protte belangstelling foar de keatspartij. Der wiene somtiden mear as sechstich partoeren.

Oan it begjin fan it keatsseizoen kin it op it fjild fan Weidum noch glûpende kâld wêze. Foaral as de wyn út it easten komt en frij spul hat. Mar de kjeld wie nea in reden om de partij net trochgean te litten. De partij is seis kear fanwege it wiete waar net troch gongen. Dat wie yn de jierren 1946, 1964, 1979, 1983, 1987 en 2002. Twa kear, yn 1951 en 1952, waard de finale fanwege it minne waar net útspile. Yn 2001 jage de MKZ-krisis de boel yn ‘e bulten.

Mei fyftich karmasters, fyftjin blokjerinners, fyftjin telegrafisten en sa’n tweintich minsken foar de omballingen is Weidum klear foar de kommende Bangmapartij. Sommige frijwilligers hawwe dy deis meardere petten op. Moarns as karmaster op ’e line en middeis as muzikant yn de muzyktinte.  Noch altiten wurdt de partij stipe troch de famylje Bangma-Suierveld. Ferline jier gong de winst nei it partoer fan de keatsferiening Het Noorden út Sint Jabik, dat yn de finale Minnertsgea fersloech.

 www.skille.nl/main_new.php

 

Nijsarchyf

  Corona maatregelen; veelgestelde vragen
  Karin Halbertsma nimt ôfskie as tc-lid KNKB
  Louise Krol, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia winne de 41ste frouljus PC
  KNKB Skoaljonges 6 july
  Alder-bern-keatsen 18 maaie
  Keatstrening foar (begjinnende) froulju !
  Snein 18 maaie âlder-bern-keatsen
  Oflaste keatspartijen
  Sint Jabik wint de 63ste Bangmapartij
  Moarns as karmaster op ’e line en middeis yn de muzyktinte
  Nije Kriich besiket de jeugd yn Weidum wer oan it keatsen te krijen
  Persbericht
  Frouljus PC Live op omropfryslan
  Frouljus PC is los !
  Frouljus PC 2012
  Nij seizoen - Nije website