WOLKOM | AGINDA | PELOTE | JEUGD | FOTO'S | KONTAKT | STIPERS                BANGMA PARTIJ | FROULJU'S PC


 

Nije Kriich besiket de jeugd yn Weidum wer oan it keatsen te krijen

Kommende snein set mei de Bangmapartij yn Weidum it nije keatsseizoen útein. De organisearjende keatsferiening Nije Kriich is der klear foar. ,,Weidum lit dan wer sjen dat it in echt keatsdoarp is. Meiinoar de skouders der ûnder. Om de dei slagje te litten binne der sa’n hûndert frijwilligers yn’t spier”, sa fertelt de nije foarsitter Wigle Anema fan Nije Kriich. Hy folge ôfrûne winter Gertjan van der Meer op. Van der Meer waard by syn ôfskie beneamd ta lid fan fertsjinste fan de feriening.

De Bangmapartij is foar de Weidumers ien fan de twa grutte KNKB-keatswedstriden, dy’t se alle jierren organisearje. Yn augustus, altiten op de twadde woandei nei de Freule yn Wommels, wurdt op it smûke keatsfjild midden yn it doarp de Froulju’s PC holden. Foar de froulju fan de haadklasse de wichtigste partij fan it jier. En Weidum is der grutst op dy partij te organisearjen.

Mar it keatsen yn Weidum is fansels folle mear as de Bangmapartij en de Froulju’s PC. De keatssport libbet yn it doarp, sa skriuwt de foarsitter yn it keatsboekje, dat dizze wike ûnder de leden ferspraat is. Neist it wyklikse kompetysjekeatsen foar senoaren en jeugd binne der inkele ledenpartijen, is der federaasjekeatsen, docht Nije Kriich mei seis teams mei oan de Jeu-de Pelote-kompetysje, is der keatstraining en wurdt de altite like gesellige merkpartij holden.

Dat der sa folle belangstelling foar de Jeu-de Pelote-kompetysje is, fernúveret bestjoerslid Sytse Haima net. ,,Der is mear tuskenspul, mear aksje, mear sfear. It is hiel gesellich”, sa seit hy.

Nije Kriich hat op it stuit rom hûndert senioarenleden en sa’n 35 jeugdleden. Mei dy hûndert senioaren is de keatsferiening wol tefreden, mar der binne by it bestjoer wol soargen oer it weromrinnen fan it tal jeugdkeatsers. Yn de ôfrûne fyftjin jier is dat mei tweintich werom rûn. ,,Hoe hâlde we de jeugd oan it keatsen?”, freget Haima him ôf.  Mei trije oare bestjoersleden besiket hij de bern yn Weidum wer oan it keatsen te krijen. ,,Mar dat falt net ta. It is net mear fanselssprekkend dat de jeugd kiest foar de keatssport.”

Om it tij te kearen wurde yn Weidum de beakens ferset. Rêde it algemiene bestjoer him oant no ta sels mei de jeugdsaken, der leit in plan om in jeugdkommisje yn it libben te roppen. Ek wol Nije Kriich de skoalle mear by it keatsen belûke. Sa wol de feriening keatslessen op skoalle, fersoarge litte troch in studint fan de keatsakademy. Fierders tinkt it bestjoer oan in keatskamp en wurdt mear in berop dien op de âlders. ,,It begjint by de âlders, dy kinne der mear oan dwaan om de jeugd oan it keatsen te krijen”, seit foarsitter Anema.

En om it jild hoecht it net oer te gean, seit de nije foarsitter fan Nije Kriich. It lidmaatskip fan in jeugdlid kostet mar 12 euro. Anemea doart der wol in weddenskip op ôf te sluten dat it keatsen yn Weidum fierwei de goedkeapste sport is. By ledenwedstriden wurdt gjin ynlisjild frege en foar de begjinners wurdt in want beskikber steld.

Nije Kriich is eigner van it keatsfjild yn it hert fan it doarp. Earder waard der keatst op in kampke lân by it âlde fersoargingshûs Dekema. Troch it ôfgraven fan in part fan de terp ûntstie der gersfjild yn it hert fan it doarp. Der ûntstie in hol gat en Weidumers hiene it oer it holgat. Om dy reden krige it keatshokje by de bou, yn 1996, de namme ‘Op it Holgat’.

It keatshok wurdt nei de simmer ûnder hannen naam. It geboutsje wurdt opknapt en útwreide. No moatte de keatsers noch nei it doapshûs om harren te ferstrûpen, mar dat kin aanst yn de eigen romte op it keatsfjild.  Ek komt der mear romte om it keatsmateriaal op te slaan. De kosten fan de ferbou binne rûsd op sa’n 64.000 euro. De gemeenterie fan Littenseradiel hat besletten fan dat bedrach de helte op tafel te lizzen. De oare helte moat de feriening sels byinoar skarrelje. Der is no noch in lytse 15.000 euro nedich, mar foarsitter Anema sit der net oer yn dat de finansiering net rûn komme sil. De keatsferiening grypt de ferbou fan it gebou oan om nei te tinken oer in oare namme. Neffens Anema en Haima is de namme ‘Op it Holgat’ net fan dizze tiid.

 

Nijsarchyf

  Corona maatregelen; veelgestelde vragen
  Karin Halbertsma nimt ôfskie as tc-lid KNKB
  Louise Krol, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia winne de 41ste frouljus PC
  KNKB Skoaljonges 6 july
  Alder-bern-keatsen 18 maaie
  Keatstrening foar (begjinnende) froulju !
  Snein 18 maaie âlder-bern-keatsen
  Oflaste keatspartijen
  Sint Jabik wint de 63ste Bangmapartij
  Moarns as karmaster op ’e line en middeis yn de muzyktinte
  Nije Kriich besiket de jeugd yn Weidum wer oan it keatsen te krijen
  Persbericht
  Frouljus PC Live op omropfryslan
  Frouljus PC is los !
  Frouljus PC 2012
  Nij seizoen - Nije website